Meldpunt foar boaiemdelgong

De steatefraksje fan GrienLinks hat in meldpunt opset dêr't boaiemdelgong meld wurde kin. De partij komt mei dit inisjatyf om't yn en om it gaswingebiet yn Grinslân in soad opskuor is oer ierdbevings en skea oan wenten en gebouwen. Ek yn Fryslân wurdt gas en sâlt út de grûn helle.
Neffens GrienLinks kin it net oars as dat ek ynwenners fan Fryslân problemen ûnderfine fan dizze winning. De partij wol no goed yn kaart bringe op watfoar plakken de grutste oerlêst is.