Wolkomstbuorden by Waadgebiet

17 jul 2014 - 17:10

Dongeradiel en Ferwerderadiel hawwe tongersdei Fryske wolkomstbuorden pleatst op de gemeentegrins oan de Flieterpsterdyk by Raard. De buorden moatte minsken dúdlik meitsje dat se it Waadgebiet binnen komme en dat dit gebiet Unesco Wrâlderfgoed is.

De beide gemeenten wolle mei de buorden oanjaan dat minsken yn in weardefol gebiet binne. It Waadgebiet stiet sûnt 2009 op de Wrâlderfguodlist.

Trefwurden: 
Waadgebiet Unesco
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)