Bou rekreaasjewenten Burdaard

17 jul 2014 - 15:42

Yn Burdaard is tongersdei begûn mei de bou fan njoggen rekreaasjewenten. Boargemaster Van den Berg fan Ferwerderadiel sloech symboalysk de earste peal. De bedoeling is dat yn it projekt Waterrijck Burdaard mei elkoar 58 wenten komme.

It park makket diel út fan in grut plan om it doarp te fernijen. Sa kamen earder al in nije skoalle in multyfunksjoneel sintrum en in doarpsplein yn Burdaard. Ein dit jier moatte de earste rekreaasjewenten klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)