Littenseradiel tsjin wynplan

17 jul 2014 - 14:52

Littenseradiel wol gjin meiwurking ferliene oan de wynmûneplannen fan de wurkgroep Fryslân foar de Wyn. De gemeente lit witte dat se wol omtinken hawwe foar duorsumens en it miljeu, mar fynt it lânskip dochs wichtiger.

Littenseradiel is de meast lanlike gemeente fan Nederlân en wol dat sa hâlde, skriuwt it kolleezje yn in brief oan de gemeenteried. De komst fan nije wynmûneparken kin foar ferdieldheid yn de doarpen soargje en dat moat net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)