NDC siket nije direkteur
NDC Mediagroep, útjouwer fan ûnder oaren de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, siket in nije direkteur. Ynterim-direkteur Leo Epskamp is mei yngong fan 1 july ophâlden by it krantekonsern.
Epskamp wie de tydlike ferfanger fan Geert Jan van der Snoek, dy't yn april de oerstap makke nei de Telegraaf. NDC wol foar 1 septimber in nije direkteur oanstelle.