Winst Iseger yn Minnertsgea

16 jul 2014 - 22:51

Johan van der Meulen, Alle Jan Anema en de bylotte Daniël Iseger hawwe woansdeitejûn de troch elkoar lotterspartij yn de haadklasse wûn. Yn de finale wie it trio mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Tjisse Steenstra, Marten Feenstra en Sjoerd de Jong. By de froulju gie de oerwinning nei Lisette Wagenaar, Sjoukje Visser en Renske Terwisscha van Scheltinga. Sy wienen yn de finale fierstente sterk foar Iris van der Veen, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma: 5-0 en 6-0.

Trefwurden: 
keatsen Minnertsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)