Rabobank yn koepel Beursplein

It eardere kantoar fan de Friesland Bank oan it Beursplein © ANP
De festiging fan de Rabobank oan de Stasjonswei yn Ljouwert ferhuzet per 1 septimber nei de eardere koepel fan de Friesland Bank oan it Beursplein yn it sintrum fan de stêd. Tagelyk mei de ferhuzing sil de Rabobank fan 1 septimber ôf ek op sneons iepen wêze. Goed twa jier lyn waard de Friesland Bank oernaam troch de Rabobank. De Friesland Bank koe net mear selsstannich bestean.