Wer ynbraak foljêre yn Grou
Yn de foljêre yn it Wilhelminapark yn Grou is tiisdeitenacht ynbrutsen. Dat is al de twadde kear yn in koart skoft. By de ynbraak binne fûgels stellen, deagien troch stress en ûntsnapt. De frijwilligers binne oandien.
Fûgelfersoarger Martin de Vries telde woansdeitemoarn minder fûgels yn de hokjes. Hy hat al oanjefte dien by de plysje.