Jonge toant billen oan plysje
In 16-jierrige ynwenner fan Drylts is tiisdeitejûn oanhâlden foar mislediging fan de plysje. De jonge stie mei in freondinne by in hûs oan de Rogmolewei. Doe't hy de plysjeauto seach, luts hy syn broek út en liet syn ûntbleate kont oan de plysjes sjen. Hy is meinaam nei it plysjeburo foar in proses-ferbaal.