Ynteresse foar Bauke Mollema

16 jul 2014 - 14:21

Hurdfytser Bauke Mollema út Ljouwert wol net befestigje dat er in nij kontrakt tekene hat by de Amerikaanske ploech Trek, sa't De Telegraaf earder melde. Mollema rydt no noch foar de Belkin-ploech, mar dy hat gjin sponsor foar it folgjende seizoen. Ferskate ploegen hawwe belangstelling foar Mollema.

Neffens Mollema hat hy wol mei Trek praat, en hawwe se ôfpraat dat hy him no earst op de Tour de France fokusje sil. De Ljouwerter neamt Trek wol in ynteressante ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)