Rekonstruksje rotonde kin los

16 jul 2014 - 13:23

De rekonstruksje fan de rotonde by De Jouwer giet definityf troch. Ferskate partijen, werûnder de McDonalds en de eigener fan in hynstestâl, hienen beswier makke tsjin de rekonstruksje fan it knooppunt, mar dizze beswieren binne troch de Ried fan Steat ôfwiisd.

Rykswettersteat, de provinsje en de gemeente De Fryske Marren binne bliid mei de útspraak. Sy wolle no gau oan de slach mei it feroarjen fan de rotonde yn in ûnlykflierske ferbining tusken de A6 en de A7.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)