Flyers yn lytsere kompetysje

De iishockey-earedivyzje wurdt wer lytser. Den Haag hat him weromlutsen fanwege finansjele problemen. De kompetysje sil no noch mar út seis teams bestean. It wie al in lytse kompetysje, mar no wurdt it noch mei minder teams. De Flyers op It Hearrenfean is ien fan dy seis teams yn de earedivyzje. Der is fergees besocht om oan te sluten by de Dútske kompetysje. De Feanster klup sil him noch fersterkje mei nije spilers.