Bou Akademy foarriedich gund

16 jul 2014 - 11:53

De foarriedige gunning fan de nij- en ferbou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert is foar Dijkstra Draisma. Dy ferbouwing begjint yn de rin fan augustus as de oare ynskriuwers op de oanbesteging gjin beswier meitsje op de foarriedige gunning.

De ôfrûne moanne binne de trije gebouwen oan de Grienewei sloopt en is de boaiem sanearre. It ûntwerp fan de nijbou is fan arsjitekt Jo Janssen út Maastricht. De nijbou moat yn 2016 oplevere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)