Mear klussers swierder ferwûne

16 jul 2014 - 10:42

De plastyske sjirurgen fan it Medysk Sintrum Ljouwert hawwe dit jier oant no ta al 128 klussers opereard oan in swier ferwûne hân. Plastysk sjirurge Chantal Mouës sjocht hieltyd mear slim ferwûne manlju en fynt it dêrom tiid om te warskôgjen foar it klussen mei swierdere apparatuer as sirkelseagen en kettingseagen. Ungelokken mei dy apparaten hawwe yn in kwart fan de gefallen as gefolch dat de pasjint in finger - of in diel fan in finger - misse moat.

By it MCL is it tal klusslachtoffers no grutter as it tal fjoerwurkslachtoffers. Yn hiel Nederlân giet it om 300 ferwûne klussers yn de moanne. It binne foaral manlju, mar fiif persint fan de slachtoffers is frou. De Nederlânske Feriening foar Plastyske Sjirurgy is sels ek skrokken fan dy sifers. De feriening giet dêrom de kommende jierren troch mei it registrearjen fan ferwûne klussers.

Auke Rauwerda, in bekende spesjaalsaak yn ark út Ljouwert, jout tips lykas goed materiaal keapje en altyd derom tinke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)