Duo fertocht fan ynbraak

16 jul 2014 - 10:11
Foto: Omrop Fryslân

Twa Ljouwerters binne tiisdeitenacht yn de haadstêd oanhâlden op fertinking fan ynbraak. In tsjûge warskôge de plysje nei't dy seach dat it duo him wat fertocht ophâlde by in hûs oan de Valeriusstrjitte. De plysje koe de fertochten fan 29 en 30 jier letter oanhâlde yn har auto. Yn de wein lei ynbrekkersark. De plysje docht neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)
(advertinsje)