Lachspegels by Flaeijelfeesten

16 jul 2014 - 09:50

De stifting Flaeijelfeesten hat tsien lachspegels kocht út de fallite boel fan Lorenti yn Wolvegea. De spegels binne earst opslein, mar wurde fan 27 septimber ôf brûkt mei de Flaeijelfeesten yn Nijehoarne.

Neffens de stifting passe de spegels goed by it kultuerhistoaryske evenemint. De spegels ferwize ek nei de eksimplaren dy't earder yn de boarterstún fan Tjaarda yn Oranjewâld stienen.

Trefwurden: 
Nijehoarne Flaeijelfeest
(advertinsje)
(advertinsje)