WK flaggen DVC nei goed doel

WK flagge
De WK flaggen dy't De Dokkumer Vlaggen Centrale oer hat, gean nei ferskate goede doelen. De measte flaggen gean nei ien dy't fan de flaggen tassen meitsje sil. De opbringst fan de ferkeap giet dan nei de Ibiss Foundation. Dizze stifting set him yn foar de Braziliaanske sloppewiken. De Dokkumer Vlaggen Centrale hat goed tûzen WK flaggen ferkocht. Mar omdat Nederlân ferlear yn de heale finale, bleaunen se mei 250 sitten.
Fia in oprop yn de media koene minsken mei ideeën komme wêr't de flaggen hinne koenen. It tasseprojekt wie ien fan de ideeën. Ek oare lytsere goede doelen krije flaggen.