Auto troch gevel hockeyklup

15 jul 2014 - 19:57

It ferieningsgebou fan de Mixed Hockey Club op De Lemmer is skansearre. Nei alle gedachten hat in auto de gevel fan it gebou oan de strjitwei ramd. Der sit in grut gat yn de houten gevel fan de klaaikeamers fan it ferieningsgebou. Yn it gers stean bannespoaren. Dêrom tinkt de plysje dat der crosst is. Neffens de plysje binne der de lêste tiid mear fernielings. Der wurde tsjûgen socht.

Trefwurden: 
De Lemmer hockeyklup
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)