Gjin treinen Ljouwert-Harns
Der ride fan snein ôf in wike lang gjin treinen fan Ljouwert nei Harns-Haven. Op it trajekt set Arriva bussen yn. Reizgers moatte rekken hâlde mei in healoere langere reistiid. Prorail sil op it trajekt wurksumheden útfiere oan it spoar.