Fernielings yn boarterstunen

Fandalen hawwe yn boartersbosk It Sparjebird by De Himrik in hingkabel ôfknipt en meinaam, sa die tiisdei bliken. Neffens boskwachter Vriesema fan Steatsboskbehear is de dieder mei sterk materieel te wurk gien. De kabel is nammentlik mei stieltried fersterke. Bern koene harren oan de kabel fêsthâlde om fan de iene nei de oare beam te rinnen.
Yn in boarterstún op de hoeke Azaleastrjitte/Gerbrandywei yn Ljouwert hawwe fandalen harren ek útlibbe. Dêr binne beamstamkes dêr't bern op gean kinne mei in kettingseage ôfseage en meinaam.
Fan de stamkes bleau mar 15 sm stean. De boarterstún yn Ljouwert sit midden yn de opknapperij. De stellerij is in grutte strop.