'Fryske soarch is foarbyld'

15 jul 2014 - 15:57

Fryslân is in foarbyld foar oare provinsjes as it giet om gearwurking tusken soarchorganisaasjes. Dat sei minister Schipper by in wurkbesite oan sûnensplein Sûnenz yn Drachten, it eardere Bertilla. Dêr kinne minsken soarch krije dy't tusken de húsdokter en it sikehûs yn sit. Mar se kinne dêr ek nei de kapper, boadskippen dwaan of kofje drinke.

Soarchfersekerder De Friesland wol noch ien of twa fan sokke sûnenspleinen yn de provinsje ynrjochtsje. De kâns is grut dat ien dêrfan yn Dokkum komt, seit Diana Monissen fan De Friesland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)