'De Drachtsterfeart stonk'

15 jul 2014 - 12:46

Yn Drachten wurdt hurd wurke oan it opnij útgraven fan de dimpte Drachtsterfeart. It earste part is klear en dêr stiet sûnt ôfrûne wykein wer wetter yn. No binne se mei it lêste diel nei it sintrum oan 'e gong.

Foar guon minsken is de oanlis fan de âlde feart bysûnder, benammen foar dejingen dy't ein jierren '60 tonnen sân oanfierd hawwe om de feart te dimpen. De measte Drachtsters wiene bliid dat de feart folsmiten waard, want hy stonk. 'It wie fiis wetter. It wie eins neat mear. Dêrom hawwe se him tichtsmiten', seit sjauffeur Jan Roelinga.

Der wiene ferskate redenen foar de stank fan de feart. De minsken smieten der allehanne ôffal yn, bedriuwen diene loazings op it wetter en oan 'e ein fan de feart wie in dwinger dêr't húsketonnen lege waarden.

Trefwurden: 
Drachtsterfeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)