Wurkbesite minister by Sûnenz

15 jul 2014 - 11:13

Minister Edith Schippers fan Folkssûnens is tiisdei op wurkbesite by sûnenssintrum Sûnenz yn Drachten. Se is útnoege troch soarchfersekerder De Friesland. Schippers sil by Sûnenz prate mei soarchorganisaasjes oer de desintralisaasje fan de soarch. Yn jannewaris 2015 gean in soad soarchtaken fan it ryk oer nei gemeenten.

De wurkbesite fynt plak by sûnenssintrum Sûnenz, it earder Bertilla, om't dat in foarbyld is fan hoe't de takomstige soarch derút sjen moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)