Undersyk nei autobrannen

15 jul 2014 - 10:04
De jeep fan Henk Wolf nei it ûngelok - Foto: De Vries Media

De plysje siket tsjûgen yn in ûndersyk nei autobrannen yn Ljouwert. Op ferskate plakken yn de Fryske haadstêd waarden yn de moannen maart en april auto's troffen troch brân.

De brânstichtings soargen neist in protte skea oan de auto's ek foar ûnrêst yn 'e buert. De eigeners fan de auto's hawwe oanjefte dien. De autobrannen wiene yn de Karel Doormanstrjitte, de M.H. Trompstrjitte, de Christiaan Kerkhofstrjitte, de Fruitstrjitte en de Boeierstrjitte.

Trefwurden: 
plysje ûndersyk autobrân
(advertinsje)
(advertinsje)