Priis foar B&B Tala Lodge

It bêd en brochje Tala Lodge fan Tineke Beekman yn Ravenswâld hat tiisdeitemoarn de ûnderskieding Fiif Tulpen krigen. Dat is in priis fan Bed & Breakfast Nederlân.
In geheime gast fan de stifting hat it bêd en brochje beoardiele. Tegearre mei loko-boargemaster Engbert van Esch hat mystery-guest Leo Voortman de priis tiisdei útrikt. Der binne mar in pear bêd en brochjes yn Fryslân dy't de Fiif Tulpen krigen hawwe.