Seaddehûs Furdgum ôfbrutsen

14 jul 2014 - 19:35

It seaddehûs fan Furdgum wurdt tiisdei hielendal ôfbrutsen. It seaddehûs stoarte novimber ferline jier yn. De oarsaak wie nei alle gedachten it reinwetter. De earste plannen wiene om it seaddehûs wer op te bouwen en dan sa dat it net wer ynstoarte kin. Uteinlik is men dochs ta de konklúzje kommen dat it seaddehûs better hielendal ôfbrutsen wurde kin.

It wurdt wol wer boud, mar dan mei in oare technyk as de earste kear, nammentlik mei de Skotske metoade.

Trefwurden: 
seaddehûs Furdgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)