Gouden nulle foar Fries Museum

Fries Museum yn Ljouwert
It Fries Museum hat wer in nije oanwinst binnen. It giet om in gouden nulle dy't makke is tusken 1680 en 1715 en dy't fûn is by Doanjum. De nulle is te sjen yn de tentoanstelling Sulveren Herinnerings. Sokke nullen waarden eartiids droegen as sieraad. Famkes krigen doe yn de pubertiid sulveren en gouden kadootsjes om it ôfskied fan de bernejierren goed te meitsjen. Earder dit jier melde it museum de oanwinst fan in gouden gespfragmint, dat fûn is yn de terp fan Winaam.
De gesp is fan takom jier ôf te sjen yn in grutte tentoanstelling oer Frysk goud yn de betide midsieuwen.