Wer WK-winst Jannick de Jong

14 jul 2014 - 19:12

Europeesk kampioen gersbaan Jannick de Jong fan De Gordyk hat ek de twadde wedstriid yn de searje om de wrâldtitel wûn. Yn it Frânske Marmande wûn er de wedstriid dy't in dei útsteld wie. Earder wie er al de bêste yn Herxheim. De Jong wûn trije fan de fiif searjes en waard yn de heale finale mar fjirde. Yn de A-finale pakte er dêrnei de winst.

Dirk Fabriek hie ien punt te min foar de grutte finale. Hy waard sechsde en Theo Pijer waard achtste. Der stean noch trije wedstriden op it programma. De folgjende is op 17 augustus yn Eenrum.

Dêrnei komme noch Morizes op 13 septimber en Mühldorf op 28 septimber.

Yn Marmande waarden de Dútsers Stephan Katt en Erik Riss twadde en tredde. Mearfâldich en regearend wrâldkampioen Joonas Kylmäkorpi út Finlân hie in protte maleur mei syn motoaren. Dêrom mocht er it race-ark fan Henry van der Steen fan Aldebiltsyl brûke, dy't yn Marmande wie foar it byprogramma. Kylmäkorpi waard tsiende.

Nei twa wedstriden giet Jannick de Jong mei 43 punten oan de lieding, Erik Riss is de nûmer twa mei 38 punten, de Frânsman Mathieu Tresarrieu hat 34 en Kylmäkorpi 33 punten.

Trefwurden: 
WK gersbaan Jannick de Jong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)