Lilkens oer rûch snoeiwurk

Yn Koudum en Himmelum en omkriten binne minsken lilk oer in stik natuer dat nei harren miening 'fernield' is. It giet om it Morrapaad, in toeristyske fyts- en kuierrûte tusken beide doarpen. Beammen en struken dêr soene fierste rûch wêze. It wurk is dien yn opdracht fan It Fryske Gea, omdat by it paad fergiftige planten fuorthelle wurde moasten.
Net allinnich de floara hat der skea fan, ek de fûgels yn it gebiet, seit natuerleafhawwer Peter Kerkstra. Hy hat in boerd pleatst om syn lilkens sjen te litten.
Kerkstra hopet dat it paad fan 't hjerst dochs noch in opknapbeurt kriget. It Fryske Gea seit dat it wurk goed útfierd is, sa litte se yn in e-mailberjocht witte oan de aksjefierder.