MCL krijt jild fan Roparun

Sikehûs MCL yn Ljouwert krijt 16.500 euro fan de Stichting Roparun. It jild sil brûkt wurde foar de oanskaf fan in hollekuoller. Dy wurdt ynset by gemokueren om de kâns op hierútfal te ferminderjen.
De Roparun is in tocht fan mear as fiifhûndert kilometer fan Parys en Hamburg nei Rotterdam. Goed achttûzen dielnimmers dienen mei, ûnder oare fan de Loopgroep Ljouwert, Team Bourguignon út Ljouwert en Tour de 294 fan Grou. Dit jier waard goed 5 miljoen euro ynsammele, wêrfan in diel nei it MCL giet.