Kealslach yn Sleat

14 jul 2014 - 10:42

Yn Sleat wurde moandei en tiisdei yn opdracht fan de gemeente tsientallen kastanjes delhelle. De 32 beammen stean op it bolwurk fan it Alvestêdestedsje. Guonts binne wol 100 oant 130 jier âld. De beammen moatte fuort omdat se siik binne. By hurde wyn waaie der tûken ôf, en dat kin gefaarlik wêze.

Bewenners fine it tige spitich dat de beammen fuort moatte, mar se sjogge wol yn dat it net oars kin. Foar de delhelle kastanjes komme linebeammen yn 't plak.

Trefwurden: 
sleat beam beamkap kastanjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)