Brouwer 5e by NK mountainbike

14 jul 2014 - 06:38

Karen Brouwer fan Easterwâlde is snein fyfde wurden by it NK mountainbike. Yn it Limboarchske Noorbeek wienen de omstannichheden op it parkoers swier foar de dielnimmers, fanwege de hurde rein. Om't Brouwer in soad wedstriden yn it foarseizoen misse moast, starte se achteroan by it NK. Dochs wist se geandewei op te klimmen nei it fyfde plak. De titel gong lykas ferline jier nei Anne Terpstra út Apeldoorn.

By de manlju wist Michiel van der Heijden út Den Bosch syn nasjonale titel te prolongearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)