Koalmonokside Surhústerfean

14 jul 2014 - 06:09

In bewenner fan in wente oan de Dominee Boekholtstrjitte yn Surhústerfean is sneintejûn nei it sikehûs rekke nei't yn syn hûs in te hege konsintraasje koalmonokside metten waard. De man waard warskôge troch syn eigen koalmonoksidemelder. Hy is mei pine yn 'e holle foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Yn in twadde wente waard ek in te hege konsintraasje koalmonokside metten. De brânwacht hat beide huzen fentilearre. De cv-ynstallaasjes binne út foarsoarch útset. Wat de oarsaak fan it lek is, is noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)