Krul wint Ronde fan Hoogeveen

13 jul 2014 - 16:33

Hurdfytser Stef Krul fan Tsjalbert hat sneontejûn de Ronde fan Hoogeveen op syn namme skreaun. Yn de lêste kilometer ried de 18-jierrige Krul fuort by syn meiflechter Rick Nobel fan Foudgum. Nobel einige as twadde, foar Coen Vermeltfoort út Schuinesloot.

Foar Krul wie it de tredde oerwinning yn koarte tiid. Yn de seis dagen Noordenveld-Westerkwartier wûn er it kritearium fan Nieuw Roden en de tiidrit yn Hoogkerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)