Amerikanen op famyljereüny

13 jul 2014 - 13:58

Yn Winsum is dit wykein in bysûndere reüny fan de famylje Bakker-De Jong. 120 jier lyn emigrearren Lieuwe en Tjitske de Jong-Memerda mei de bern nei Súd-Dakota yn Amearika. Allinnich dochter Baaye bleau mei de man yn Fryslân. Se wennen op in pleats by Winsum dêr't no harren pakesizzer Ulbe Bakker wennet. Dêr fynt no in grutte reüny plak.

Op de famyljereüny binne ek 44 Amerikanen ôfkaam. Yn de tún stiet in grutte feesttinte foar de reünisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)