Dronken spoekrider op A7

(foto-ympresje) © ANP
Op de A7 is sneontenacht in dronken spoekrider fan de dyk ôfhelle. De 24-jierrige man út Emmen ried op de fjouwerbaansdyk tsjin it ferkear yn rjochting Ofslútdyk. Hy koerste dêrby ûnbedoeld lyk op in motorplysje ôf. Dy koe noch mar krekt om de auto hinne troch de flechtstrook op te draaien.
De dronken spoekrider is oanhâlden. It rydbewiis is him ôfnaam.