Jouster mei GHB pakt

13 jul 2014 - 10:38

De plysje hat sneontenacht in 27-jierrige man fan De Jouwer oppakt foar it yn besit hawwen fan GHB. Plysjeminsken seagen de man rinnen yn de rjochting fan in skoalle. Doe't se de man oansprutsen en kontrolearren, die bliken dat er in fleske mei de harddrug GHB by him hie.

It fleske is yn beslach naam en de man is oanhâlden.

Trefwurden: 
De Jouwer GHB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)