Fûstslach foar man fan 82

© Omrop Fryslân
In 36-jierrige man fan De Jouwer is sneontejûn oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in 82-jierrige plakgenoat. Dy âldere man spruts de 36-jierrige man oan op gefaarlik rydgedrach op syn scooter. Dêrop bedrige de scooterrider de âldere man. Hy soe him in fûstslach yn it gesicht jûn hawwe. Hy soe boppedat in omstanner bedrige hawwe.
De 36-jierrige scooterrider is oanhâlden. Hy sit fêst yn ôfwachting fan it ûndersyk.