Strân jûns ferbean gebiet
It strântsje op Jouwer is fan moandei ôf ferbean gebiet nei acht oere jûns. Dat meldt de wykagint. Yn ferbân mei oerlêst op it strân hat de gemeente maatregels naam.
It is tenei ferbean om tusken acht oere jûns en njoggen oere de oare moarns op it strân te kommen. Wa't dat wol docht, krijt in boete.