Jonges fan dak stasjon helle

12 jul 2014 - 10:07
Plysjelint - Foto: Omrop Fryslân

De plysje op It Hearrenfean hat yn de nacht fan freed op sneon ferskate jonges fan it dak fan in busstasjon helle. De knapen wienen út ferfeling op it dak klommen, meldt de plysje op twitter. Trije jonges hawwe in boete krige. De oaren krigen in warskôging.

(advertinsje)
(advertinsje)