Bart Helmholt wint Grypstsjerk

11 jul 2014 - 23:25

Bart Helmholt hat mei in ôfstân fan 20.80 de fierljepperij yn Grypstsjerk wûn. Klassemintslieder Oane Galama waard twadde mei 20.40, Thewis Hobma tredde mei 19.81. Oane Galama hat no yn syn klassemint, de sân bêste sprongen, allinne mar 20 meter-sprongen stean.

By de froulju gong de winst nei Klaske Nauta mei 15.55. Maureen Poiesz waard mei in moai pr fan 15.36 twadde. By de junioaren sette Bobby Zwaagman yn syn lêste sprong de winnende 18.90 op it boerd. Jan Teade Nauta wie mei 16.66 krekt de bêste by de jonges.

Trefwurden: 
fierljeppen Grypstsjerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)