Oranjekuorballers yn EK-finale

11 jul 2014 - 20:59
Kuorbal - Foto: ANP XTRA

De kuorballers fan Jong Oranje, mei dêryn Geertje Hoekstra út Aldegea Smellingerlân, hawwe freedtejûn yn Tsjechië de heale finale by it Europeesk kampioenschap ûnder de 21 jier mei 29-11 wûn fan Ingelân. Yn de earste helte naam Oranje in komfortabele 17-5 foarsprong. Nei rêst rûn Nederlân ienfâldich út nei in romme oerwinning. Geertje Hoekstra tekene foar trije doelpunten.

Yn de finale nimt Oranje it op tsjin België.

(advertinsje)
(advertinsje)