Pont De Deelen noch net klear

11 jul 2014 - 19:59

Fytsers dy't gebrûk meitsje wolle fan it fearpontsje De Deelen oer de Heafeart by Lúnbert, moatte noch in wike geduld ha. Der binne noch wat mankeminten oan it ljocht kaam mei de earste proeffeart op freed.

De pont is in wichtige skeakel tusken Oranjewâld en De Deelen rjochting Aldeboarn. Fytsers moatte sels de pont fergees mei in ketting nei de oare kant draaie. De kosten fan it pontsje wurde rûsd op 70.000 euro dat troch de gemeente Hearrenfean en de provinsje betelle wurdt.

It pontsje is in inisjatyf fan Pleatslik Belang Oud-Aengwirden, mar de Stichting Fietsveerpont De Deelen krijt it behear. Yn septimber wurdt de pont offisjeel yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
De Deelen Lúnbert fearpont
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)