Lêste wykeinsluting Hemriksein

11 jul 2014 - 15:54

Kommend wykein wurdt der foar it tredde wykein op rige wurke oan it krúspunt by Hemriksein. Rykswettersteat wurket hjir oan de beide krusings yn de Drachtsterwei. De ôfritten fan en nei de Wâldwei binne dêrom ôfsletten. Ek de Drachtsterwei is tusken de krusing Suderbuorren/Goutum en de Wâldwei ticht.

Fan freedtejûn sân oere oant moandeitemoarn seis oere is de dyk ôfsletten. Ferkear dat fia de Drachtsterwei Ljouwert yn en út wol, wurdt omlaat oer de Aldlânsdyk, Oerisselsewei en Werpsterhoeke. Ferkear út Wergea nei Ljouwert rydt fia Warten.

Fytsers kinne gewoan gebrûk meitsje fan de parallelwei lâns de Drachtsterwei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)