Grutte reüny De Jong-Memerda

11 jul 2014 - 14:14

Yn Winsum stiet dit wykein ien famylje sintraal: de famylje De Jong-Memerda. Yn 1894 emigrearren Lieuwe en Tjitske de Jong-Memerda mei harren bern nei Amearika. Ien dochter bleau achter. Dit wykein komt it neiteam fan dizze famylje wer byinoar.

Se dogge dat yn Winsum, dêr't alles begûn is. Sa'n 50 famyljeleden binne fanút de hiele wrâld nei Fryslân reizge. Se geane ûnder oare mei in bus troch de provinsje.

Trefwurden: 
reüny De Jong
(advertinsje)
(advertinsje)