Profronde leit Westra fêst

De stichting Wielerkomitee Surhústerfean hat Lieuwe Westra as earste hurdfytser kontraktearre foar de Profronde op tiisdei 5 augustus. Dat hat it Wielerkomitee bekend makke. Westra makke ôfrûne woansdei namme yn de fyfde etappe fan de Tour de France. Mei tank oan syn sterke riden koe syn kopman Vincenzo Nibali op de kasseien fan Noard-Frankryk in pear minuten útrinne op de oare kânshawwers foar it klassemint.
De organisaasje fan de Profronde sil de ûntwikkelings yn de Tour de France goed yn de gaten hâlde.
Ofhinklik dêrfan sille oare toppers in kontrakt oanbean wurde.