Klaai gaadlik foar kearnôffal

Fryslân is opnij yn byld foar it opslaan fan kearnôffal yn de grûn. Undersyk troch TNO hat útwiisd dat de klaai yn it suden en it súdwesten fan de provinsje mooglik geskikt is foar dy opslach. It giet ûnder oare om de gebieten tusken Snits en Akkrum en om Terwispel. Neffens TNO is de saneamde Boomse Klaai dêr sa dik dat der sûnder gefaar kearnôffal yn opslein wurde kin.
It is oan it Ryk om lokaasjes oan te wizen dy't yn de beneaming komme foar it opslaan fan kearnôffal. Legere oerheden en bewenners kinne soks net keare.
COVRA, it steatsbedriuw dat ferantwurdelik is foar de opslach fan kearnôffal, komt ein dit jier mei in einrapportaazje oer fiif jier ûndersyk troch tal fan ynstânsjes werûnder dy fan TNO. Fryslân is net de iennichste provinsje dy't ûndersocht wurdt. Der binne ek noch tal fan oare lokaasjes dy't geskikt binne en it kin sels sa wêze dat it ôffal it bûtenlân telâne komt.
In beslút oer de krekte nije lokaasje foar kearnôffal hoecht pas naam te wurden as de hjoeddeiske opslach fan kearnôffal yn Vlissingen oan syn ein is. En dat duorret noch hast hûndert jier. Pas yn 2115 moat dúdlik wêze oft der yn Fryslân kearnôffal opslein wurde sil.