Man oanhâlden mei GHB

11 jul 2014 - 11:02

In 35-jierrige man fan De Jouwer is tongersdeitenacht oanhâlden foar drugsbesit. Plysjes seagen de man mei syn auto oan de kant stean lâns de A7. De man stie op de flechtstripe te beljen. By kontrôle die bliken dat de man in flesse GHB by him hie.

De man waard nei de plysjesel brocht. Dêr waard er agressyf en fernielde ferskate saken.

Trefwurden: 
oanhâlden drugs GHB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)