Stoarmskea yn SE-Fryslân

© Omrop Fryslân
Pleatslike tongerbuien en hurde wynstjitten hawwe tongersdeitejûn yn it Súdeasten fan de provinsje foar oerlêst soarge. Yn Rotstergaast en omkriten soarge de hurde wyn foar skea. Beammen waaiden om en blokkearden strjitten. In beam oan de Skoatterwei yn Rotstergaast foel op in hûs. De brânwacht hat de beammen fuorthelle. Op oare plakken, lykas yn Aldeholtpea en De Hoeve, koe it wetter fan de swiere buien hast net fuortkomme.