Bonnemahûs Hurdegaryp te hier

It opfallende hûs oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp fan de ferneamde Fryske arsjitekt Abe Bonnema stiet te hier. Bonnema ûntwurp ûnder oare de Achmeatoer yn Ljouwert. Sûnt ein 2011 hierde in moade-ûntwerper it Bonnemahûs fan 370 kante meter, mar sûnt in pear moannen stiet it leech.
It hûs is eigendom fan monuminteferiening Hendrick de Keyser, dy't sa'n 400 monumintale gebouwen yn Nederlân beheart. Neffens arsjitektuerhistoarikus Niek Smit fan de feriening is it Bonnemahûs ien fan de opfallendste nei-oarlochse wenten yn Fryslân.
De keale hierpriis foar it Bonnemahûs is 1850 euro yn 'e moanne. Yn Hurdegaryp binne lûden dat de tún fan it Bonnemahûs fertutearzet, no't der nimmen mear wennet. Smit fertelt dat de feriening in túnman yn tsjinst hat, dy't de tunen fan de monuminten sa no en dan byhâldt as in wenning leech stiet. Smit: 'Een potentiële huurder moet dus wel een beetje groene vingers hebben. Het bijhouden van de tuin is de namelijk de verantwoordelijkheid van de nieuwe huurder.'